Gysbert Japicxpriiswike 2023

8 oktober 14 oktober 2023

Yn de oanrin nei de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan winner Jetske Bilker kinst yn de wike foar 14 oktober tal fan aktiviteiten bywenje. It programma wurdt organisearre troch Tresoar en set útein mei in hommaazje oan Jetske Bilker en einiget mei de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis. Ek de Lytse Gysbert Japicxpriis wurdt útrikt: Sytze de Haas wûn de ‘Gouden Fear’ foar syn gedicht ‘Ik gean fuort’. Hjir fynst in opsomming fan alle aktiviteiten.