Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

Gastles troch de BBA op it ROC

1 novimber

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) is der foar elkenien dy’t wurket mei Fryske berneboeken. Hjoed jout sy dêrom in (twadde) gastles op it ROC foar it keuzediel ‘Expert leesbevordering’, in fak dat studinten in healjier folgje. De BBA jout in les oer meartaligens en fansels hat de Fryske taal in plak yn dy les! Mear witte oer it wurk fan de BBA? Sjoch dan ris op berneboekeambassadeur.frl.