Foar de lêste kear nei MeM

28 oktober
| 15:00 - 17:00

… gemis is mei gjin pinne te beskriuwen … Nei in maitiid fol bloei en in enervearjende simmer is no, yn de hjerst, it libben fan MeM klear. Noch foar de winter sille de kranen komme om MeM út de Prinsetún opstige te litten. Inkeld har skaad sil noch lang te sjen wêze. Hjirby nûgje wy jo fan herten út foar de libbensbeëiniging fan MeM, hjoed fan 15.00-17.00 oere. Oant 15.30 oere is der tiid foar ‘praatsjes sûnder wurden’. Om 15.30 oere sil Joris Collier MeM har lêste azem útblaze, wêrnei’t it wurd wer oppakt wurde kin en elk in gleske spraakwetter mei de famylje drinke kin. Wolkom!