Berneboekewike: BBA op CBO-Meilân yn Terherne

3 oktober

Fan 2 o/m 13 oktober is it Berneboekewike! It tema fan de Kinderboekenweek dit jier is ‘Lekker eigenwijs!’. De Berneboeke-ambassadeur komt dizze tsien dagen mei in steapel lekker eigenwize Fryske berneboeken del op de skoallen en sil foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje. Hjoed is de BBA op CBO-Meilân yn Terherne. De learlingen meie in lekker eigenwiis ferhaal betinke!