Twa nije boeken ferskynd by de Afûk: ‘Boer Boaris’ & ‘Joazefine yn ’e rein’

Boeken fan Fryslan Frije tiid
9 septimber 2024
Hjoed sette de Lês-mar-foar-wiken útein. Oant en mei 27 septimber is der yn de hiele provinsje ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk. Dêrom komme der by de Afûk krekt dizze wike twa nagelnije Fryske foarlêsboeken út: Boer Boaris en Joazefine yn ’e rein. Beide boeken binne fan hjoed ôf te keap.

De printeboeken kinne moai foarlêzen wurde fan 9 oant en mei 27 septimber (en dêrnei fansels ek noch), want se slute goed oan by it tema ‘eigenwiis’ fan de Lês-mar-foar-wiken. Joazefine en Boer Boaris binne beide lekker eigenwiis! Foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.

Boer Boris – no ek yn it Frysk!
‘Boer Boris’ is in populêre Nederlânske printeboekesearje fan Ted van Lieshout en Philip Hopman. Der binne al ferskate dielen oer dat oandwaanlike boerke ferskynd en de searje is ek meardere kearen yn ’e prizen fallen. De Fryske oersetting is makke troch Eppie Dam. De pakesizzer fan dichter en (berneboeke)skriuwer Eppie Dam is nammentlik gek op Boer Boris en Dam woe dan ek graach de oersetting fersoargje. Ein oktober ferskynt ek noch in twadde diel fan Boer Boris yn it Frysk: ‘Boer Boaris en de sniepop’.

Boer Boaris hat in buorkerij
en dêr hearre in hiel soad dingen en bisten bij.
Sjoch, lês en tel mar mei!

Joazefine yn ’e rein – it fjirde Joazefine-boek
Ek it twadde printeboek dat yn dizze Lês-mar-foar-wiken ferskynt, spilet him op ’e buorkerij ôf: Joazefine yn ’e rein. De ko Joazefine wurdt sa stadichoan al in bekende ferskining yn Fryslân, want dit is al it fjirde diel dat yn it Frysk útkomt.

Joazefine hie krekt sa’n sin oan de speurtocht. Mar no reint it dat it spielt en sy en har freonen sitte har binnen te ferfelen. Of toch net? Net mei Joazefine! Dy kriget in geweldich idee en sa begjint in spannende speurtocht troch it hûs. En bûten is it ek sa slim noch net. Troch de plassen stampe is leuk! Dweiltrochwiet steane se by de postboade foar de doar. Mar oft dy de hiele wiete bisteboel deryn lit?

Boekgegevens

‘Boer Boaris’
Tekst: Ted van Lieshout
Yllustraasjes: Philip Hopman
Oersetting: Eppie Dam
Utfiering: ynbûn, 28 siden
Leeftiid: 3+
ISBN: 978-94-93318-41-0
Ferkeappriis: € 14,99

‘Joazefine yn ’e rein’
Tekst en yllustraasjes: Alexander Steffensmeier
Utfiering: ynbûn, 28 siden
Leeftiid: 4+
ISBN: 978-94-93318-44-1
Ferkeappriis: € 16,95