BBA by de lekker eigenwize Berneboekewike yn Easternijtsjerk

10 oktober

It is Kinderboekenweek! Ek op de Wrâldwizer yn Easternijtsjerk. Tsien dagen lang ekstra oandacht foar moaie berneboeken. It tema dit jier is ‘Lekker eigenwijs!’. Dêrom komt de Berneboeke-ambassadeur del mei in steapel lekker eigenwize berneboeken. Om foar te lêzen en de learlingen sels in goed eigenwize opdracht meitsje te litten.