Foto: Jacob van Essen

Nij gedicht Dichter fan Fryslân: ‘Woede’

Frije tiid
22 maart 2019
In nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Skrean mei it each op de oanslach yn Utert en de útslach fan de provinsjale ferkiezings ôfrûne woansdei. Ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Mear gedichten fan de Dichter fan Fryslân en oersettings yn it Nederlânsk en Ingelsk troch Elske Schotanus en David Colmer op: www.dichterfanfryslan.nl.

 

Woede

*

Hoe’t immen, al tikjendewei, in bom fan haat
yn it hert omjaget, in trein, winkel of tram
ynstapt en bûten sinnen mei in kop fol nacht,

djip yn himsels ferdwaald, himsels yn woede
en geweld in útwei tinkt en mei alle lûken
fan ’e siele ticht in keamer fol kûgels leech sjit.

*

Hoe’t op in moarntiid immen himsels manifest
makket, radikaal gek, hiel ’t raderwurk fan
in stêd stilleit as wie it Heger Macht’s wurk,

wylst der altyd ergens immen is dy’t sûnder
smoarge hannen, simpelwei ûnskuldich, troch
misdied en straf weireizget op dea syn trams.

*

Hoe’t midden yn it wâld fan it geweld alle
klokken befrieze, in punt tsjin de himel
slane, sa’t in elk, in tel fan skrik ferstienne,

langer net mear wit hokker paad te nimmen,
hokker paad te nimmen as hate rûnom
de ûleflecht makket mei B. syn nije oarder.