Lida Dykstra fiert har 25-jierrich skriuwerskip mei jubileumboek
Mar oft har ferhalen no grappich, grizelich of oangripend binne, skriuwster Lida Dykstra wit de lêzer troch har linige en meinimmende skriuwstyl hieltyd wer te ferrassen.
Feestlike presintaasje
Lida Dykstra wurdt op woansdei 19 juny om 13.00 oere by it WOW Meartalich Kongres by Cedin yn Drachten yn it sintsje setten. De earste eksimplaren fan It Spûkskip wurde oanbean oan dosinten út it primêr – en fuortset ûnderwiis.
Oer Lida Dykstra
Lida Dykstra studearre Keunstskiednis en hat û.o. wurke as konservator yn Museum Joure. Tsjintwurdich is skriuwen har berop. Se hat mear as 80 berneboeken op har namme stean, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Bekende titels binne bygelyks Pykje Fjouwer, Skattich, Wenje yn in skilderij of Spegelspreuk. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere bern. By dy boeken lit sy har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis. Sy wûn ferskate prizen, wêrûnder twa kear de Simke Kloostermanpriis. Fan 2015 ôf hat se Skoalskriuwer west.
Boekgegevens
Titel: It Spûkskip
Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes en omslach: Roelof van der Schans
Foarmjouwing: Peter Boersma
Utfiering: ynbûn, 128 siden
Priis: € 14,95