Earste Fryske Facebookroman ferskynd by de Afûk: De raven

Boeken fan Fryslan Frije tiid
14 maaie 2020
“Al wie ik, doe’t ik op 23 maaie op Facebook in optocht stikje oer in broer skreau, alhiel net fan doel om dêr in feuilleton fan te meitsjen, dat is wat it waard.” No, in jier letter, ferskynt it doe skreaune feuilleton fan Elske Schotanus as alderearste Fryske Facebookroman by de Afûk.

De raven is in spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en har trije bruorren. In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal, dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard. “Yn it begjin sloech ik inkeldris in dei oer, wiene de postings noch frij koart, mar al gau krige it proses my folslein yn ’e besnijing. It wie in aventoer dêr’t ik mysels op ’e dolle roes yn bejûn hie”, sa seit Elske.

Op Facebook binne minsken entûsjast: “It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger. Fermaaklik, mar ek fernimstich binne de stikken dêr’t werklikheid en fiksje inoar yn bespylje. It tal passaazjes dêr’t ik smaaklik by laitsje moast, binne mannichfâld. Der sit wat yn it ferhaal dat driuwt, it makket gong. Fierders is der ôfwikseling by ’t soad, al wie it mar fanwegen de opset en struktuer fan ’e stikken. De ein wie foar my ferrassend.”

Boekgegevens
Titel: De raven
Skreaun troch: Elske Schotanus
Untwerp: Monique Vogelsang
Ferkeappriis: € 18,50
Tal siden: 214
ISBN: 978 94 93159 34 1
Utfiering: paperback
www.websjop.afuk.frl