80e edysje fan FeRstival

3 novimber 9 desimber 2023

Yn novimber is FeRstival der wer. Dizze Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen is der dit jier foar de 80ste kear! By FeRstival drage learlingen sa moai mooglik in Frysk gedicht foar. Alle jierren dogge der sa’n 90 learlingen út it fuortset ûnderwiis mei. Minsken as Rients Gratama, Nynke Laverman en Theun Plantinga hawwe allegearre harren earste stappen op it poadium set by FeRstival. Learlingen kinne meidwaan yn trije kategoryen, yn alle kategoryen binne prizen te winnen. De foarrondes binne op 3, 10 en 13 novimber. De finale is op sneon 9 desimber yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Mear ynfo.