Foto: argyf heit&mem

Afûk-boekpanel-moarn

17 desimber

Hjoed is der spesjaal foar ús 99 boekpanelleden in gesellige moarn by de Afûk. Der wurdt in moai krystferhaal foarlêzen troch û.o. skriuwster en yllustratrise Mirjam van Houten, der is in nifelaktiviteit foar de bern en de bern meie mei Tomke op de foto. Ek wurdt troch de Afûk-boekpanelleden it moaiste omslach fan alle Afûkútjeften út 2022 útsocht . It Afûk-boekpanel skriuwt resinsjes oer alle útjeften fan de Afûk. Sjoch foar mear ynformaasje op https://heitenmem.nl/afuk-boekpanel/.