Afûk op Noord-Nederlandse Landbouwbeurs

12 desimber 15 desimber 2018

Giesto ek nei de Landbouwbeurs? Kom dan ek even lâns by de stand fan de Afûk: prachtige boeken foar jong en âld yn it Frysk en oer Fryslân. Freed 14 desimber fan 14.00 oere oant 16.00 oere is Bonne Speerstra by ús yn de stand te gast om syn nijste boek Underweis te sinjearen. Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings. Tagelyk fertelt er de famyljeskiednis fan de Speerstra’s en dêrmei ek de ûntjouwing fan it boerelibben yn Fryslân. Yn Underweis jout Speerstra mei in myld each en gefoel foar humor stal oan de ferhalen fan en oer it plattelân. Ferkeappriis: € 17,50.