Afûk-winkel ticht fanwege evenemint Into the Grave

9 juny 10 juny 2023

Sneon 10 juny is de Afûkwinkel ticht. En freed 9 juny fan 16:00 oere ôf ek. It metalfestival Into The Grave fynt dan plak by it Oldehoofsterkerkhof en dêrtroch is ús winkel net berikber. Moandei 12 juny bist wer fan herte wolkom! Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden. De websjop fan de Afûk is fansels 24/7 iepen. Wol kin it wêze dat websjopbestellingen yn ferbân mei it wykein wat letter binne. Wolst wat freegje of in oar berjocht oan ús kwyt? Sprek wat yn op de voice-mail fia 058-2343070 of stjoer in berjocht oan ynfo@afuk.frl. Wy komme der dan sa gau as mooglik by dy op werom.