Afûkwinkel op pinkstermoandei ticht

29 maaie

Moandei 29 maaie, twadde pinksterdei, is de Afûkwinkel ticht. Tiisdei 30 maaie bist wer fan herte wolkom! Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden. De websjop fan de Afûk is fansels 24/7 iepen. Wol kin it wêze dat websjopbestellingen yn ferbân mei it lange pinksterwykein wat letter binne. Wolst wat freegje of in oar berjocht oan ús kwyt? Sprek wat yn op de voice-mail fia 058-2343070 of stjoer in berjocht oan ynfo@afuk.frl. Wy komme der dan sa gau as mooglik by dy op werom.