BBA by de lekker eigenwize Berneboekewike yn Drachten

9 oktober

It is Kinderboekenweek! Ek op PCBO It Ambyld yn Drachten. Tsien dagen lang is der ekstra oandacht foar moaie berneboeken. It tema dit jier is ‘Lekker eigenwijs!’. Dêrom komt de Berneboeke-ambassadeur del mei in steapel lekker eigenwize berneboeken. Om foar te lêzen en de learlingen sels in goed eigenwize opdracht meitsje te litten.