Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA docht mei oan Stap op de Rode Loper yn Ljouwert

25 novimber

Stap op de Rode Loper is in lanlik programma foar vmbû-learlingen. Yn Ljouwert sille learlingen út hiel Fryslân hjoed nei it teäter, museum of oare kulturele ynstellingen. Dêr kinne se lústerje nei minsken dy’t yn de keunsten wurkje mei wurden. Lykas in rapper, yllustrator, dichter, byldzjend keunstner, of in skriuwer, lykas de Berneboeke-ambassadeur! Fansels sille de learlingen sels ek oan de slach!