Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA oerhandiget UNICEF-cheque oan Sipke Jan Bousema

22 febrewaris

Hjoed ûntfangt Sipke Jan Bousema op de Nijdjipskoalle yn Grou út hannen fan de Berneboeke-ambassadeur in cheque foar UNICEF. It bedrach is ophelle mei de ferkeap fan it boek ‘Maia en har freonen‘, dat spesjaal foar dit doel yn 2022 oerset is fan it Oekraynsk nei it Frysk. It jild is foar de bern yn Oekraïne dy’t slachtoffer binne fan de Russyske ynvaazje. Sipke Jan Bousema is presintator en media- en telefyzjeprodusint én ambassadeur fan UNICEF.