Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op CBS De Sprankel yn Stiens

28 febrewaris

Fertelle, foarlêze, fragen
Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur te gast yn Stiens op CBS de Sprankel by de groepen 3 en 4. Der is tiid om te fertellen oer har wurk en foar te lêzen út in moai Frysk boek. Fansels meie de bern fragen stelle en sille se sels ek oan de slach mei in ferhaal.
Ek de BBA ris útnûgje? Nocht oan in lêspakket der by? Sjoch foar mear ynformaasje op dizze webside.