oanbieding Lêskiste yn Bûtenpost (april 2024)

BBA op KBS de Tarissing yn Droegeham

2 july

Yn Droegeham giet de BBA hjoed nei de groepen 1/2 en groep 4/5 fan De Tarissing. De Berneboeke-ambassadeur komt del om te fertellen oer Fryske boeken, sy lêst foar, bern meie fragen stelle en de BBA set harren kreativiteit yn wurking. De besite is part fan de toernee troch de gemeenten Tytsjerkstradiel en Achtkarspelen: Tialda giet dêr by alle skoallen del! Sy ûntfange hjoed fan har de lêskiste mei tsien Fryske berneboeken, in geweldich kado dat sy fergees krije fan harren gemeente!