BBA op OBS de Mienskip yn Bûtenpost

1 july

Yn Bûtenpost giet de Berneboeke-ambassadeur hjoed nei de groepen 3, 3/4 en 5/6. De BBA komt del om te fertellen oer Fryske boeken, sy lêst foar, bern meie fragen stelle en de BBA set harren kreativiteit yn wurking. De besite is part fan de toernee troch de gemeenten Tytsjerkstradiel en Achtkarspelen. Tialda giet dêr by alle skoallen del! Sy ûntfange hjoed fan har de lêskiste mei tsien Fryske berneboeken, in geweldich kado dat sy fergees krije fan harren gemeente!