Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA op OSG Singelland Burgum

21 oktober

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur op it fuortset ûnderwiis oan it wurk. Sy giet del by twa klassen op OSG Singelland yn Burgum: in tl/havo en in havo/vwo-klasse, om foar te lêzen en te fertellen. En de learlingen mei ek sels oan de slach.
De besite is part fan de toernee troch de gemeenten Tytsjerkstradiel en Achtkarspelen, de BBA giet dêr by alle skoallen del! Sy ûntfange hjoed fan de BBA de lêskiste mei tsien Fryske berneboeken, in geweldich kado dat sy fergees krije fan harren gemeente.