Foto: Marleen Annema

Berneboeke-ambassadeur op besite by Sint Radboud yn Jirnsum

12 septimber

Ek yn it nije skoaljier is de Berneboeke-ambassadeur wer op ‘en paad! Hjoed giet se nei KBS Sint Radboud yn Jirnsum om in wurkwinkel te jaan oan de groepen 3/4, 5/6 en 7/8. De skoalle hat ek ien fan de moaie lêspakketten besteld, sadat bern fan alle leeftiden moaie Fryske boeken lêze kinne! Ek de BBA ris útnûgje? Nocht oan in lêspakket der by? Sjoch foar mear ynformaasje op dizze webside.