Berneboekewike: BBA op Nynke fan Hichtumskoalle Dokkum

2 oktober

Fan 2 o/m 13 oktober is it Berneboekewike! It tema fan de Kinderboekenweek dit jier is ‘Lekker eigenwijs!’. De Berneboeke-ambassadeur komt dizze tsien dagen mei in steapel lekker eigenwize Fryske berneboeken del op de skoallen en sil foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje. Hjoed is de BBA op de Nynke fan Hichtumskoalle yn Dokkum. De learlingen meie in lekker eigenwiis ferhaal betinke!