Blue monday

20 jannewaris

Hjoed is it de meast depressive dei fan it jier … De Britse psygolooch Cliff Arnall betocht yn 2005 in, nei syn sizzen, wittenskiplik ferantwurde formule dêr’t út bliken dwaan soe dat de moandei fan de lêste folle wike yn jannewaris de dei is dat de measte minsken har mankelyk, fertrietlik of weemoedich fiele. Soks soe te krijen ha mei goede foarnimmen dy’t sneuvele binne en fakânsjes dyt’t noch fier fuort lykje. By de Afûk sjogge wy graach nei de positive kant fan de saak. Betink: nei dizze dei wurdt it allinne mar better!