Boekpresintaasje Abe en de Aardichman

5 novimber

Okkerdeis ferskynde by Utjouwerij Afûk: Abe en de Aardichman. In sfearfol ferhaal, skreaun troch Tialda Hoogeveen, mei prachtige yllustraasjes fan Yke Reeder. Hjoed wolle wy dit nije berneboek graach oan jimme presintearje yn de Afûk-winkel. Bern (5-9) en alle âlders, pakes en beppes binne hjirby fan herte wolkom! It begjin om 11.00 oere. Mear ynformaasje yn dizze útnûging en net ferjitte om even oan te melden fia ynfo@afuk.frl!