Boekpresintaasje Graphic Novel ‘Kyra’ fan Elske Schotanus

9 april

Hjoed – mei de start fan de Nasjonale Boekewike – presintearret skriuwster Elske Schotanus (1957, Terbant) har nijste boek, de Graphic Novel Kyra. Belangstellenden binne fan herten wolkom by dy boekpresintaasje fan 11.00 oere ôf yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert (Bûterhoeke 3). Nei ûntfangst mei kofje/tee is it om likernôch 11:15 oere tiid foar in wurd fan wolkom en in ynlieding troch útjouwer Ernst Bruinsma (Afûk). Oanslutend lêst Elske Schotanus in tal fragminten út har boek foar en wurdt it earste eksimplaar oanbean oan Kyra.