Boekpresintaasje ‘Minym ferweech / Minieme gebaren’, gedichten fan Peter van Lier
Wês om 11.00 oere wolkom yn de boekwinkel fan de Afûk foar de boekpresintaasje fan Minym ferweech / Minieme gebaren. Om 11.15 oere set de presintaasje útein mei in wolkomstwurd fan Ernst Bruinsma. Dêrnei is it wurd oan Peter van Lier, dy’t fertelle sil oer syn bân mei Fryslân en oer hoe’t it lânskip syn gedichten beynfloedet. It earste eksimplaar fan de bondel wurdt oanbean oan Elske Schotanus, dy’t de Fryske oersetting fan de gedichten makke hat. Peter en Elske sille beide ek gedichten út de bondel foardrage.