Foto: Lucas Kemper

Deadline foar it oanmelden foar de workshoprige foardracht

10 july

Wolsto as skriuwer tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út ’e mûle helje wol? It geheim ûntdekke achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Dyn hiele hâlding ynsette om dyn tekst hearre te litten? Meld dy dan oan foar de workshoprige fan fiif jûnen oer foardracht foar profesjonele skriuwers en dichters, oanbean troch Leeuwarden UNESCO City of Literature, Tryater en Explore the North. Oanmelde kin hjoed noch!