© Lia Goené

Dichter fan Fryslân en Cohda kwartet: konsertrûte lâns de 11 stêden

28 augustus 29 augustus 2021

Dit wykein bringe de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries en de fjouwer blokfluitisten fan it Cohda Kwartet mei in bysûnder programma fan muzyk en poëzij in besite oan de alve Fryske stêden. It earste konsert fynt plak op sneontemoarn yn teater De Bres yn Ljouwert. Fia bysûndere lokaasjes lykas it museum Houtstad-IJlst en it ekspedysjeskip fan Willem Barentz yn Harns einiget it selsskip harren tour sneintejûn yn Dokkum. Reservearje fia: https://www.klassiekemuziek.nl/p/15166/cohda-kwartet-en-nyk-de-vries-fluitend-door-friesland.