Dichtersbarren Dichter fan Fryslân

5 oktober

Hjoed organisearret de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, fan 16:00 oere ôf in feestlik Dichtersbarren mei poëzy yn ferskate foarmen en kombinaasjes. Jûns, fan 19.00 oere ôf iepenet it Dichterskafee yn De Gouden Leeuw yn Tresoar. De tagong foar alle ûnderdielen is fergees en elk is fan herte wolkom!
It Dichtersbarren start middeis op it Aldehouster tsjerkhôf by OBE mei û.o. ‘taffeltsjedichtsje’ mei ferskate dichters, skilderje op foardrachten en der is poëtyske muzyk. Jûns is it Dichterskafee yn Tersoar-kafee De Gouden Leeuw mei de presintaasje fan it wurk fan de middeis. Der is in lês- en ideeëntafel, in iepen poadium en muzyk fan de band Hûs fan de Skries. Mear ynformaasje.