Foto: theaterkerknes.nl

Earste Ids de Beer-lêzing yn Theaterkerk Nes

17 april

Lêzing mei ferskate sprekkers en muzyk om it tema ‘yn frijheid kieze’ fan it Nationaal Comité 4  en 5 maaie hinne. Ids de Beer wie in fersetsheld, oarsprinklik út Nes. De jûn wurdt iepene troch programmeur Anke Bijlsma en de soan fan Ids, Freerk de Beer. Lêzingen binne der fan Baukje Zijlstra (auteur fan De Komakorrektor) en Mart de Kruif (ISAF). De muzyk wurdt fersoarge troch sjonger Gerrit Breteler, toetsenist Peter van der Zwaag, gitarist Peter Krako en strykkwartet Regina Forte. Oanfang 19.30 oere. Kaarten allinne yn de foarferkeap fia theaterkerknes.nl.