Explore the North 2018 – Julia Holter – Westerkerk (c) Xanne Wijkamp

Explore the North

22 novimber 24 novimber 2019

Kuierje troch de Ljouwerter binnenstêd en lit dy ferrasse troch ferhalen en muzyk, byldzjende keunst, teater en noch folle mear. Lokale helden diele it poadium mei ynternasjonale toppers en jong talint spilet tegearre mei âlde bekenden: fan klassike firtuozen oant elektroanyske avonturiers. Op 16 novimber o.s. ferskynt in spesjale ‘Explore edysje’ fan de Moanne. Sjoch foar alle ynfo op www.explore-the-north.nl.