Explore the North: festival op ûnferwachte plakken

22 novimber 24 novimber 2018

Explore the North is in wintersk stedsfestival wêrby’t it sintrum fan Ljouwert trije dagen lang it poadium is foar muzyk en ferhalen. It festival is fan’t jier ek de ôfsluter – of leauer: de nije kulturele start – fan it jier fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd. De festivalperioade begjin dêrmei al op 15 novimber mei de iepening fan it fergees tagonlik festivalhert yn de foarm fan in grutte grientekas (de Stadskas) op it Aldehoustertsjerkhôf. Lês der alles oer op http://explore-the-north.nl/nl en tsjek de spesjale Explore-edysje fan de Moanne dy’t 16 novimber ferskynd.