Fan 10-12 oktober by MeM: kommunisearje mei de kwast

10 oktober

13.00-15.00 oere. Keunstners fan Talant en Wil meitsje op ferskillende deibestegingslokaasjes prachtige skilderkeunst. It binne faak kleurrike skilderijen dy’t prachtige ferhalen fertelle en in ynkyk jouwe yn de belibbingswrâld fan de keunstners. Yn de ‘wike fan Talant’ yn MeM binne fan woansdei oant en mei freed keunstners oanwêzich dy’t wurkje oan harren unike keunstwurk. Sy noadigje ek besikers út om mei harren oan in moai skildersdoek te wurkjen. Troch meielkoar kreatyf dwaande te wêzen, ûntstiet der makliker kontakt, wat liede kin ta moaie petearen.