Feestlike presintaasje ‘alle dagen Frysk’ kalinder

15 novimber
| 17:00 - 18:30

Fan herte wolkom by de feestlike presintaasje fan de ‘alle dagen Frysk’ kalinder! Fannemiddei fan 17.00-18.30 oere yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel. De ‘alle dagen Frysk’ DIY (Do It Yourself) kalinder is maklik ynelkoar te setten, prachtich foarmjûn, jout alle dagen in moai Frysk wurd mei in Nederlânske en in Ingelske oersetting en is ek nochris duorsum om ‘t der gjin jiertal op stiet. Moai om sels te hawwen of kado te jaan. Fan hjoed ôf foar € 12,95 te keap yn de Fryske boekhannels.