Foarlêsmoarn mei de foarlêsbus!

29 septimber

Freed 29 septimber om 11.00 oere ha wy wol in hiel spesjale foarlêsmoarn. Dan komt de Tomke&Keimpe-foarlêsbus hjir by de Afûk-winkel yn Ljouwert en kinne jim yn de bus foarlêzen wurde! Jim kâns om dizze prachtige bus fan binnen en fan bûten te besjen. En fansels is Tomke der ek by! Kinst dus mei Tomke én mei de bus op ‘e foto. Nei it foarlêzen meie jim ek noch nifelje yn ‘e winkel. Fol=fol! Meld jim gau oan fia de website fan heit&mem.