Fryske SLAM fan de Dichter fan Fryslân

24 maaie

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Hjoed om 19:30 oere yn kafé De Gouden Leeuw fan Tresoar. It is in klassike slam, wat betsjut dat it publyk kiest wa’t de bêste foardrager is troch hieltyd twa stimmen wei te jaan oan de favoriten. Der is in bysûnder yntermezzo mei Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân 2019-2021, dy’t nij wurk hearre litte sil. De finalist dy’t de measte roazen ûntfangt fan it publyk, wint de slam en in bedrach fan €500,-. Mear ynfo op de website fan de Dichter fan Fryslân.