Foto: www.fryskdiktee.nl

Grut Frysk Diktee

17 maaie

Hjoed is it wer tiid foar it Grut Frysk Diktee yn de steateseal fan it Provinsjehûs. Neist de minsken dy’t harren kwalifisearre hawwe fia it kwalifikaasjediktee, dogge der dit jier ek noch 6 groepen fan 6 minsken mei in bepaald ‘tema’ mei. De kwalifikaasje fan it Grut Frysk Diktee start op 28 maart. De winner fan it Frysk Diktee giet nei hûs mei it gouden dakje. Foar it winnende team is der in aparte priis. It Grut Frysk Diktee wurdt útstjoerd troch Omrop Fryslân. Foar mear ynformaasje en it lêste nijs sjochst op www.fryskdiktee.nl.