Tresoar: 20 jier skatkeamer fan Fryslân

10 septimber 11 septimber 2022

Tresoar bestiet fan’t jier 20 jier en om dit jubileumjier te fieren, binne der op sneon 10 en snein 11 septimber fan 11.00 oant 16.00 oere iepen dagen mei allerhande aktiviteiten, muzyk en geselligens. Under de titel ‘Do bist in skat’ kinst in hiel wykein lang in dûk nimme yn de skatkeamers fan Tresoar en ûntdekke wat in bysûndere organisaasje it is. Mear ynformaasje op de website fan Tresoar.