Lange koartproazajûn mei tige koarte ferhalen

27 novimber

Yn febrewaris rôp de redaksje fan Ensafh elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren. De sjuery besteande út Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learareoplieding NHL), Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid) en Nyk de Vries (skriuwer, muzikant en Dichter fan Fryslân) hat him oer de ynstjoerings bûgd. Op de Lange koartproazajûn soene alle priiswinnende ferhalen foardroegen wurde mar de jûn is yfm de ferskerpe koroanamaatregels annulearre. De ferhalen sille yn alle gefallen yn it lêste Ensafh-nûmer fan dit jier opnommen wurde.