Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

Lêzing foar ‘bovenschoolse kenniskring lezen’

30 septimber

Stichting Ambion hat de Berneboeke-ambassadeur frege de ‘bovenschoolse kenniskring lezen’ te fersoargjen. Twa oeren lang fertelt de Berneboeke-ambassadeur ynteraktyf oer de wearde fan (foar)lêzen, meartaligens en it belang fan it koesterjen fan de memmetaal en wat de rol fanút it ûnderwiis dêryn wêze kin. Hoe soargest bygelyks foar in oantreklik boeke-oanbod? En kinst al dy talen wol in plak jaan op in lesdei? Hokker wurkfoarmen passe hjir by?