Literêre portretten fan Sjoerd de Vries by Tresoar

6 maaie 15 maaie 2019

Foar ien kear hingje alle literêre portretten fan de ferneamde keunstner Sjoerd de Vries by elkoar yn Tresoar. It giet om portretten fan Fryske skriuwers en letterkundigen dy’t de Vries foar in grut part makke yn opdracht fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dat letter opgie yn Tresoar. De portretten binne te sjen oant en mei 15 maaie 2019. Mear ynformaasje fia tresoar.frl.