MeM presintearret: de Voluspa yn it Frysk & de band Sowulo

25 oktober
| 20:00 - 22:00

It Voluspa-projekt is in gearwurkingsprojekt fan aktrise Eke Born, muzikant Rutger Dijkstra en skriuwer Willem Schoorstra. De Voluspa, of De profesij fan de sjenneres, is it iepeningsliet fan de Alde of Poëtyske Edda. Dy Edda is in samling goade- en heldelieten út Yslân. It wichtichste dêrfan is de Voluspa. Dêryn ferhellet in sjenneres, de Volva, de hiele skiednis fan de wrâld, fan de skepping oant de ein, it Ragnarok. Mar ek fan in nije dage. Foar it earst sil de Voluspa yn it Frysk oer it fuotljocht brocht wurde. Yn kombinaasje mei de muzyk ûnthjit de foardracht in bysûnder barren, kleure fan in mystike, sjamanistyske sfear. En oer sfear sprutsen: de band Sowulo fersoarget neist it Voluspa-projekt in folsleine, akoestyske set yn MeM. Sowulo makket hjoeddeiske Fiking-folkmuzyk, ynspirearre troch it paganisme. Dêrmei wolle se in djipper besef fan it mienskiplik spiritueel erfskip kreëarje. De konserten fan Sowulo sette altyd útein mei in iepeningsritueel, sa’t de besikers fan Castlefest 2018 noch meimeitsje koene. Alle yngrediïnten foar in spesjale jûn binne dus oanwêzich. Kom del en dompelje jim ûnder yn Noardske lûden!