Foto: argyf heit&mem

Nasjonale Foarlêsdagen 2023

25 jannewaris 4 febrewaris 2023

Mei de ‘Nationale Voorleesdagen’ is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier. Op 25 jannewaris sette de foarlêsdagen tradysjoneel útein mei it ‘voorleesontbijt’. Fierder wurde der troch it hiele lân ferskate foarlêsaktiviteiten organisearre. By it printeboek fan it jier ‘Maximiliaan Modderman geeft een feestje’ is ek in Fryske lesbrief makke! En by de de bibleteek leit boppedat it nije Tomkeboekje ‘Help foar Kornelia’ klear foar alle lytse lêzers. Hielendal fergees! Sjoch ek www.nationalevoorleesdagen.nl. TIP: doch mear mei printeboeken – lesbrieveset.