Nationale Voorleeslunch 2021, foto: NVLL2021 Leescoalitie

Nasjonale Foarlêslunsj 2022

7 oktober

Ek dit jier fersoarget de Leescoalitie wer in Nationale Voorleeslunch op de nasjonale âldereindei. Fan’t jier falt dy dei op freed 7 oktober. Ta gelegenheid fan de 10e edysje binne der mar leafst trije skriuwers dy’t in spesjaal Voorleeslunchverhaal skreaun ha: Bart Chabot, Marion Bloem en Kader Abdolah. De ferhalen wurde hjoed troch it hiele lân foarlêzen oan âlderen yn byg. bibleteken en soarchynstellings. De ferhalen binne ek dit jier wer yn in Fryske oersetting beskikber! Belangstelling? Mail nei ynfo@afuk.frl.