Optredens Meindert Talma yn de Fryske Boekewike 2024

5 novimber 8 novimber 2024

Meindert Talma skreau mei Wynroas it Frysk Kadoboek 2024, in autobiografyske, tragikomyske novelle mei in spannende en dramatyske ôfrin. Talma komt yn de Fryske Boekewike (2-10 novimber) fjouwer kear mei in optreden mei en oer it Kadoboek ‘Wynroas’. Live is Wynroas in audiofisuele trip fan in oere, dy’t dy meinimt yn in ferteld en songen (film)ferhaal oer in fûleindich konflikt dat Meindert Talma krige troch in liet op De Zee Roept, it album by it fotoboek fan Tryntsje Nauta oer de studinten fan de seefeartskoalle op Skylge.
Data en lokaasjes: 5 novimber 2024, Biblioteek Drachten, 19.30 – 21.00 oere.  6 novimber 2024, Biblioteek Dokkum, 19.30 – 21.30 oere. 7 novimber 2024, Podium Gorter Balk, 20.00 – 21.30 oere. 8 novimber 2024, Biblioteek It Hearrenfean, 19.30 – 21.30 oere.