Foto: Istock

Peaske-aaien sykje yn de Afûkwinkel

8 april

It is miskien wol wat in nuver plak mar de Peaske-hazze ferstoppet hjoed de hiele dei allegearre aaien yn de Boek- en Kadowinkel fan de Afûk. Der skine sels gouden aaien by te wêzen! De aaien dy’st fynst meist fansels opite en fynst in gouden aai dan is der ek noch in kadootsje. Dusss, kom hjoed even by ús del en lit mar ris sjen hoe goed asto sykje kinst! Dizze aktiviteit is foar bern o/m 7 jier. Meist de hiele lâns komme, ús winkel is iepen fan 10.30-17.00 oere. Enne, op=op.