Poetry International mei Nyk de Vries en Artvark livestream yn De Lawei (try-out)

6 juny

Om 16.00 oere fanút skouboarch De Lawei yn Drachten, in livestream (try-out) fan de Nederlânsk-Fryske muzykproduksje fan Artvark en Dichter fan Fryslân Nyk de Vries, makke yn opdracht fan Poetry International en op 11 juny ûnderdiel fan it iepeningsprogramma. De muzikale fleksibiliteit fan Artvark én de ferhaaljende krêft fan de poëzy fan Nyk de Vries belove in bysûndere teatrale ûnderfining. In ûnderfining wêryn’t taal en muzyk elkoar drage, fersterkje en yn elkoar oer geane yn in poëzy-muzykproduksje dy’t fierder rikt as wat de taal en de muzyk los fan elkoar berikke: Glass meets Tom Waits / Nick Cave. Mear ynfo op www.lawei.nl.