Still út de poëzijfideo Begjin

Poëzijfilm fan Dichter fan Fryslân yn première op Omrop Fryslân TV

8 novimber

Hjoed giet de earste fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De útstjoering is om 17:50 oere, foar Fryslân Dok. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. De earste poëzijfilm is basearre op it gedicht ‘Begjin’ dat de Dichter fan Fryslân skreau by de start fan syn dichterskip fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer it projekt Dichter fan Fryslân op www.dichterfanfryslan.nl.