Poëzyfilmspecial by Omrop Fryslân

26 desimber

Hjoed om 18.30 oere (mei in werhelling op elk oere dernei) op Omrop Fryslân TV in special rûnom de poëzyfilms fan Nyk de Vries. It giet om in seleksje fan de films dy’t er earder makke as Dichter fan Fryslân, tegearre mei filmmakker Herman Zeilstra. Ien dêrfan is in krystfilm dy’t ferline jier om kryst hinne op Skiermûntseach opnaam waard, mei Sytske Hoogterp en Henk Huizinga yn de haadrollen. De teksten fan de poëzyfilms meitsje ek diel út fan ‘Asman‘, de nije bondel fan Nyk de Vries dy’t krekt ferskynd is. Mear ynfo oer de poëzyfilms is hjir te finen: https://www.nykdev.nl/asman.